Man wurdt net goed yn loftballon boppe Terwispel

01 sep 2018 - 22:47

Boppe Terwispel is sneontejûn in man net goed wurden yn in loftballon.

De piloat sette syn ballon gau oan de grûn lâns de A7. De plysje wie warskôge en koe fia in ûnferhurd paad de greide berikke dêr't de ballon lâne wie. De man is nei in ambulânse brocht en dêrnei nei it sikehûs foar kontrôle.

Trefwurden: 
plysje Terwispel loftballon
(advertinsje)