SC Hearrenfean spilet lyk yn Venlo

01 sep 2018 - 20:21

SC Hearrenfean hat sneon yn Venlo mei 1-1 gelyk spile tsjin VVV.

Foto: www.orange-pictures.nl

It wie net in briljante wedstriid, de Feansters spilen oanfallend yn de earste helte. Se hienen de oerhân en yn de 32ste minút skoarde Sam Lammers, dy't hierd wurdt fan PSV.

Nei de tee sette de thúsploech mear druk en slagge it har ek om te skoaren. Yn de 70ste minút krige nijkommer, hierd fan FC Utrecht, Patrick Joosten de bal troch de fuotten fan keeper Hahn.

Flak foar de ein wie der in flipperkast fan skotten op doel wêrby't Hahn oant trije kear ta rêdend optrede koe. Even dêrfoar wie der noch in moaie aksje fan Sam Lammers en in flammend skot fan Pierie, mar dy bal gie der net yn. Ek Joosten krige noch in kâns om opnij te skoaren.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal VVV
(advertinsje)
(advertinsje)