Omrop Tip: Buro de Vries yn Teridzert

Wat soe it DNA fan Teridzert krekt wêze? Wat foar doarp is it en wat ha de minsken dêr by de ein? In soad Friezen sille dat net witte, want foar de measten is Teridzert net mear as in ôfslach fan de A32. Buro de Vries nimt snein dy ôfslach om twa oeren live radio te meitsjen by doarpshûs De Bult.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mei tal fan gasten sil besocht wurde in byld fan it doarp te sketsen. En eins fuort ek fan Nije- en Aldeholtwâlde, om't dy trije doarpen bot mei inoar oparbeidzje en op inoar oanwiisd binne. Wylst it programma dêr makke wurdt, binne se direkt efter it doarpshûs drok dwaande mei de lêste tariedings fan 'Et Darreltien', in muzykteäterfoarstelling yn it eigen iepenloftteäter dat it doarp dêr hat. Fansels hearre we wat soks krekt ynhâldt.
© Omrop Fryslân, René Koster
Yn de rige 'Under de Toer'-projekten fan LF2018 is Teridzert aktyf mei de eigen foarstelling: 'De Tael van et Hatte' dêr't mear as hûndert minsken út de doarpen by belutsen binne. It giet dan om in teätrale tocht fan doarpshûs De Bult oan it tsjerkje dêr't mei taal, toaniel, ljocht en muzyk it ferhaal yn ferteld wurdt fan in lytse, autonome mienskip yn in grutte feroarjende wrâld.
© Omrop Fryslân, René Koster
By it doarp wennet ek Co van Geene. In bysûndere ynwenner mei moaie ferhalen. Jo soene him útfiner neame kinne en siersmid, mar benammen ek in noflik prater dy't boppedat syn eigen smidse efter hûs hat. Reden genôch om ek by him eefkes om 'e hoeke te sjen.
Muzyk sit der ek yn it doarp, sa docht bliken. Live spilet it duo The Loin Rules fan Teridzert twa nûmers en mooglik hearre we ek noch fan it projektkoar fan it Under de Toer-spektakel.
© Omrop Fryslân, René Koster
Fansels komt ek it Stellingwarfs oan bar. Libbet it Stellingwerfsk noch yn it deistige libben en sjocht de jongerein it noch as harren taal? De ferneamde skriuwer en sprekker Johan Veenstra praat dêr oer mei oan tafel. Yn it tsjerkje fan Teridzert is op 't stuit de foto-útstalling 'In de Wolken' te sjen. It giet om in inisjatyf fan Sigrid Hamelink, byldzjend keunstner út Nijeholtwâlde. Se sette 232 ynwenners fan de trije doarpen op 'e foto en dy foto's binne no op bysûndere wize mei gedichten by inoar brocht yn it tsjerkje.
© Omrop Fryslân, René Koster
© Omrop Fryslân, René Koster
Buro de Vries is snein 2 septimber live tusken 11.00 en 13.00 oere by doarpshûs De Bult. Jûns tusken 21.00 en 23.00 oere wurdt it folsleine programma werhelle en ek op ynternet is it werom te hearren.