Dekhynst Eise 489 foar tredde kear Nederlânsk kampioen

01 sep 2018 - 18:35

Dekhynst Eise 489 is sneon foar de tredde kear op rige Nederlânsk kampioen wurden. Op it konkoers hippyk fan Droegeham wist Jelmer Chardon mei syn hynder de konkurrinsje efter him te litten.

Mei yn totaal fjouwer tsjinstanners wie it dielnimmersfjild net sa grut, mar dochs wie de konkurrinsje sterk, sa lit Chardon witte: "It is in geweldich hynder, mar de konkurrinsje is moardzjend. Om dan yn dit geweld te winnen, is fantastysk."

Yn de nijelingeklasse wie Sybren Minkema de grutte winner. Oant no ta hie er mei hynder Nane 492 alle konkoersen al wûn. Ek yn Droegeham liet er syn superioriteit nochris sjen. Minkema hat de nijelingeklasse al folle faker wûn, mar it bliuwt in moaie priis foar him. "It is neffens my de sânde of achtste kear dat ik dizze kompetysje win mei in jong hynder. Wy steane der ek wol om bekend om jonge hynders op te lieden, dus dit is wol hiel moai."

(advertinsje)
(advertinsje)