Harkemase Boys ferliest yn Heemskerk

01 sep 2018 - 16:45

Harkemase Boys hat sneon de twadde kompetysjewedstriid ferlern op besite by ODIN'59. De klup út Heemskerk wûn mei 2-1, al seach it dêr trije kertier lang net nei út.

Foto: www.orange-pictures.nl

It wie yn it begjin in iepen wedstriid, mei de bêste kânsen foar Harkemase Boys. Robert Stelpstra kaam nei trije minuten krekt tekoart om ynkopje te kinnen en healwei de earste helte gie in skot fan Henny Bouius krekt oer.

Yn de twadde helte gie it ferkeard foar de Harkiten. It earste kânske wie noch wol foar Bouius, mar yn de 58ste minút sette Nigel Hardenberg de thúsklup op foarsprong. Hy koe frij ynsjitte. Dat wie doe tsjin de ferhâlding yn. Dêrnei waard ODIN'59 wol sterker en Jurjen Dikker ferdûbele de marzje foar de ploech út Heemskerk: 2-0.

Yn de slotfaze makke Robert Stelpstra it noch even spannend mei in kopgoal, mar tichterby kaam Harkemase Boys net.

Ferline wike wûn de ploech fan Tieme Klompe de earste wedstriid, dat wie op eigen fjild.

ODIN'59 - Harkemase Boys 2-1 (0-0) 58. Nigel Hardenberg 1-0, 74. Jurjen Dikker 2-0, 86. Robert Stelpstra 2-1.

ONS

De Snitser fuotbalploech ONS wûn sneontemiddei mei oermacht fan Achilles '29, mei 4-0.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)