Clubdei motorsportferiening Prikkedaam giet snein gewoan troch

01 sep 2018 - 15:47

De clubdei fan motorsportferiening de Prikkedaam yn Makkingea giet snein gewoan troch. De club moast de motorbaan foarige wike slute fanwegen in tal opleine twangsommen foar lûdsoerlêst. Der soe op trije dagen yn july te folle lûd makke wêze troch de 134 leden tellende motorsportklup. Dy hie krekt in fjirde twangsom fan 2.000 euro betelle en kin de nije twangsommen mar dreech betelje.

Motorrider - Foto: Shutterstock.com

De clubdei kin wol trochgean, om't dêr al in fergunning foar ôfjûn wie. Earder dizze wike wie der noch in protestaksje fan sympatisanten fan de Prikkedaam tsjin de beswiermakkers yn de buert. Sy rieden mei crossmotors troch de strjitte en makken safolle mooglik leven. De club hat de ôfrûne tiid maatregels naam om de lûdsoerlêst te beheinen en hopet der no mei de gemeente út te kommen.

Motorclub Ooststellingwerf, ek wol bekend as MSV Prikkedam, bestiet al mear as santich jier. De club waard oprjochte op 1 april 1946.

Foarsitter Wout van der Molen fan motorclub Prikkedaam

(advertinsje)
(advertinsje)