Waadrinner wurdt net goed

01 sep 2018 - 15:24

In waadrinner is sneontemoarn net goed wurden yn de buert fan Lauwerseach. Om't it wetter te ûndjip wie, koe de kustwacht net mei in boat by de waadrinner komme. Dêrom waard in helikopter oproppen. Uteinlik koe de waadrinner op eigen krêft de wâl berikke en is de persoan mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)