LIVE: Folgje it NK fierljeppen yn Burgum

01 sep 2018 - 13:15

Yn Burgum wurdt sneon ljept om de Nederlânske titels. Fan twa oere ôf komme de sterkste fierljeppers fan it lân yn aksje. Op basis fan it klassemint fan de bêste sprongen wurde de ljeppers ûtnûge en dat betsjut dat der diskear 28 ljeppers út Hollân meidogge tsjin 20 Friezen.

Der binne yn totaal fiif Nederlânske titels te fertsjinjen, yn de kategoryen senioaren (16), froulju (8), junioaren (8), jonges (8) en famkes (8).

It NK fierljeppen yn Burgum is sneon fan 13.45 oere live te folgjen fia de live-stream mei kommentaar fan Freark Wijma en Hendrik Murk Haanstra. Op Omrop Fryslân radio docht Koos Wieling ferslach fan it NK.

Trefwurden: 
fierljeppen NK Burgum
(advertinsje)