Boutzamar giet fan SC Cambuur nei Harkemase Boys

Noureddine Boutzamar spilet de rest fan dit seizoen foar Harkemase Boys. De ploech út de tredde difyzje nimt de middenfjilder oer fan Sportklup Cambuur. De oerstap fan Boutzamar nei De Harkema kaam freed rûn. Dat wie de lêste dei dat klups spilers oanlûke koenen.
© www.orange-pictures.nl
Boutzamar wennet op De Tynje en spile jierrenlang by de jeugd fan Cambuur. Hy hat de ôfrûne jierren in pear wedstriden spile foar it earste alvetal fan de Ljouwerters, mar kaam meastal yn aksje as oanfierder fan de belofteploech. By Cambuur wie gjin perspektyf mear foar Boutzamar. Hy trainde de ôfrûne wiken al mei op 'e Harkema en spile ek al in oefenwedstriid.
Harkemase Boys spilet sneontemiddei yn Heemskerk tsjin ODIN'59. Boutzamar sit dan al by de seleksje by de ploech fan trainer Tieme Klompe.