Proef om natuer yn Noardsee by wynparken te werstellen

01 sep 2018 - 11:58

Miljeu-organisaasjes sette heal oktober útein mei in proef om de natuer ûnder wetter by wynparken op see te beskermjen. Der wurde keunstriffen pleatst en oesters útsetten. Yn de wynparken mei net mei sleepnetten fiske wurde. De peallen fan de wynmûnen moatte boppedat in plak wêze dêr't seelibben oan hechtet.

Wynmûne yn it wetter - Foto: ANP

Yn in wynpark fan Eneco besjogge Natuur en Milieu en Stichting de Noordzee nei de bêste omstannichheden om de ûnderwetternatuer wer opbloeie te litten. De proef moat in blaudruk opleverje foar natuerwerstel ûnder wetter yn alle wynparken op see. Bedoeling is dat dit straks de standert wêze sil by de bou fan nije parken. De kommende jierren komme der in soad grutte, nije wynparken by yn it Nederlânske part fan de Noardsee.

(advertinsje)