Teller Alvestêdeswimtocht Van der Weijden stiet no op goed 4,7 miljoen euro

01 sep 2018 - 11:03

De Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden hat oant no ta 4.722.000 euro opsmiten. Dat makke Van der Weijden sneontemoarn bekend yn Burdaard.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Harkje nei de bydrage mei Maarten van der Weijden yn Burdaard

It jild giet nei KWF Kankerbestrijding en spesjale ûndersyksprojekten om kanker te bestriden. Der wiene alve projekten, mar omdat it nije bedrach mear is as it oarspronklike doelbedrach fan 4,5 miljoen euro komt der no jild frij foar in tolfde ûndersyksprojekt. Elk ûndersyk is keppele oan ien fan de alve Fryske stêden en it nije projekt wurdt keppele oan Burdaard. Dit ûndersyksprojekt sil him rjochtsje op aaistôkkanker.

By de huldiging fan Van der Weijden yn Waalwyk, it haadplak fan de gemeente dêr't er wennet, stie de teller noch op goed 4,3 miljoen euro.

(advertinsje)
(advertinsje)