Van der Weijden makket sneon nije stân ynsammelaksje bekend yn Burdaard

01 sep 2018 - 08:30

Swimmer Maarten van der Weijden komt sneon nei Burdaard ta, om bekend te meitsjen hoefolle jild hy yntusken ophelle hat foar ûndersyk nei kanker mei syn Alvestêdeswimtocht. Dat lit hy witte op Twitter. "Hier stopte mijn tocht, maar de donaties bleven doorgaan. Daarom maak ik hier om 11 uur bij de brug aan de Hikkaarderdyk de nieuwe stand bekend."

Foto: Casper van Aggelen

Van der Weijden begûn op 18 augustus oan syn rekôrpoging om yn trije dagen de alve Fryske stêden by del te swimmen. It slagge him net om de hiele tocht út te swimmen, mar yn 55 oeren swom hy 163 kilometer. Yn Burdaard besletten hy en syn dokters de swimtocht te staken.

Koart dêrnei waard bekend dat der goed 2,5 miljoen euro ophelle wie. In pear dagen letter wie de tuskenstân 3,5 miljoen. By syn huldiging yn Waalwyk stie de teller op 4,3 miljoen.

Freed waard bekend dat der yn Burdaard noch dit jier in stânbyld komt foar Van der Weijden. Der wie in crowdfundingsaksje opset, mar de Ferwerter keunstner Hans Jouta sil it byld fergees meitsje en in lokaal bedriuw hoecht neat foar it pleatsen derfan.

(advertinsje)
(advertinsje)