Omrop TIP: de geast fan de Stormruiter

01 sep 2018 - 08:07

Tsientûzenen teäter- en hynsteleafhawwers sille de kommende tiid de foarstelling 'De Stormruiter' bywenje: it grutte hynstespektakel dat ien fan de spearpunten fan LF2018 foarmet. Fryslân DOK dûkt yn it oarspronklike ferhaal en siket út hoe relevant dat noch is foar it hjoeddeiske Fryslân.

Foto: Stormruiter

Der Schimmelreiter

Regisseur Jos Thie en senarist Bouke Oldenhof hawwe in stik makke dat him ôfspilet yn It Bilt. In dykgreve en syn frou stride net allinnich tsjin it wetter, mar ek tsjin it stive en konservative tinken fan harren streekgenoaten. Ambisjeuze plannen foar in nije polder mei in moderne seekearing wurde dwerskoppe. It stik is basearre op in klassiker út de Dútske literatuer: Der Schimmelreiter.

Nordfriesland

Skriuwer Theodor Stoarm liet it oarspronklike ferhaal him ôfspylje yn Nordfriesland, it Dútske Waadgebiet tsjin de Deenske grins. It 19de iuwske boek waard in bestseller en beheart ta in standertwurk by ús easterbuorren. Wat is de krêft fan dat ferhaal en hoefier is dat ferhaal noch altyd relevant yn ús hjoeddeiske Fryslân?

It Bilt

Foar de dokumintêre 'De geast fan Stormruiter' teach programmamakker Bart Kingma nei de oarsprong fan Der Schimmelreiter, duts yn de Nordfriese eftergrûn en betsjutting fan it ferhaal en gie yn It Bilt op syk nei de relaasje mei de âlde Schimmelreiter.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De geast fan Stormruiter' is op snein 2 septimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)