Applaus foar Rossi yn de klaaikeamer: "Dêr bin ik se hiel tankber foar"

31 aug 2018 - 23:38

SC Cambuur wint fan TOP Oss mei tank oan Rossi

Karim Rossi wie de grutte man by Sportklup Cambuur freed. De spits skoarde as ynfaller trije kear yn de twadde helte en dêrtroch wûn Cambuur mei 1-3 op besite by TOP Oss. Nei ôfrin klonk der applaus foar Rossi yn de klaaikeamer: "Ja, se klapten foar my. Dêr bin ik se hiel tankber foar."

Karim Rossi

"Dit is moai, hielendal foar in spits. Trije kear skoare yn ien wedstriid bart net sa faak, dus ik genietsje echt fan dit momint." Rossi moast dêrby ek tinke oan it ôfrûne seizoen, doe't hy fanwege blessueres hast net oan spyljen takaam. "Alle kearen dat ik op it fjild stean of skoar, dan wurdearje ik dat ik no sûn bin. Dan tink ik oan it hurde wurk fan ferline seizoen."

Rossi begûn yn Oss dus wer op de bank, ek al skoarde er in wike lyn ek al. "It is noait moai om op de bank te sitten. Mar de trainer sei dat it better wie. Gelokkich kaam ik deryn en koe ik de ploech helpe. Soms hast wedstriden mei in hiel protte kânsen en gjin goals. No hie ik trije kânsen en alles gie deryn. Sa giet dat somtiden."

Ik spylje graach foar ús supporters.

Karim Rossi hopet op in basisplak takom wike

Soe Rossi no takom wike wol yn de basis begjinne? "As de trainer tinkt dat it better is dat ik op de bank begjin, dan begjin ik op de bank. Mar ik hoopje dat ik yn de basis stean. Hielendal thús, want ik spylje graach foar ús supporters."

René Hake

"Ik houd er niet zo van om een speler eruit te lichten, maar als je een hattrick maakt, dan is dat toch een officieel moment", sei René Hake nei ôfrin. De trainer fan de Ljouwerters seach wol dat syn ploech de earste helte ûnder nivo spile en sa foel ek de 1-0. "We hadden voorin balverlies en dan geven we daarna niet genoeg druk op de bal, om de lange bal van Oss eruit te halen. We stonden ook slecht te dekken voor de goal. Dan is de wedstrijd zoals Oss het wil hebben."

Hake fûn dat syn ploech oan de ein fan de earste helte al better waard. Dat koenen se nei it skoft trochsette: "Je moet hopen dat je snel gelijk maakt. Dat gebeurde en het was een prima goal. Daarna moet je niet te euforisch worden."

In lykspul hie wol terjochte west, neffens Hake. Mar: "Toch krijgen we ruimte in de eindfase en daar profiteerden we optimaal van."

Xavier Mous

Keeper Xavier Mous baalde noch wol even fan de tsjingoal: "Er gingen meerdere dingen mis: die voorzet moet eruit gehaald worden, de man beter gedekt. Dat zijn allemaal dingen die beter moeten, maar je ziet verder dat we weinig weggeven."

Oan de ein wie Mous noch wol belangryk, want Oss wie ticht by de 2-2. "Het was een gekke scrimmage, het ging heel erg snel. De bal ging alle kanten op, dus ik ben blij dat ik hem nog kon pakken. Ik heb weinig reddingen hoeven te verrichten, maar deze was wel belangrijk."

Mous spile ferline seizoen noch foar Oss. "Ik ben hartstikke goed ontvangen. Het publiek ging ook voor me klappen en zingen, dat doet me heel goed. Nog steeds ongeslagen, kijken hoe lang we dat vol kunnen houden."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal TOP Oss
(Advertinsje)
(Advertinsje)