Ynfaller Karim Rossi besoarget Cambuur oerwinning mei suvere hattrick

SC Cambuur wint fan TOP Oss mei tank oan Rossi
Ynfaller Karim Rossi wie freed goud wurdich foar Sportklup Cambuur. Hy skoarde op besite by TOP Oss trije kear yn de twadde helte en sette dêrmei in efterstân om yn in 1-3-oerwinning.
Karim Rossi
It begjin fan de wedstriid wie dúdlik foar TOP Oss. De thúsklup waard foar it earst gefaarlik mei in knappe folly fan Lion Kaak. Dy einige krekt njonken de goal fan Xavier Mous. Fiif minuten letter kaam TOP Oss wol op foarsprong. Cambuur joech in protte romte fuort, wêrtroch't TOP Oss maklik opbouwe koe fan achterút. Ragnar Oratmangoen sette foar en Bryan Smeets, dy't foarich seizoen noch foar Cambuur spile, wurke de bal kalm binnen.
Nei in lyts healoere wie Smeets ticht by syn twadde goal fan de wedstriid. Hy seach dat Mous te fier foar de goal stie en besocht it mei in skot fan fier wei. De bal gie krekt oer.
Cambuur hie it lange tiid dreech, mar flak foar it skoft krige spits Tyrone Conraad dochs samar twa grutte kânsen. Benammen de twadde kâns, doe't er troch Emmanuel Mbende frij foar TOP-keeper Nick Olij set waard, hie ik goal opsmite moatten. Conraad kontrolearre de bal goed, mar skeat dêrnei krekt njonken it fijanlike doel.
© Omrop Fryslân, Andor Faber
Yn de twadde helte stie Karim Rossi oan de ôftraap yn stee fan Conraad. Al nei twa minuten fersulvere hy syn ynfalbeurt. Kevin van Kippersluis kaam troch oer links en lei werom op Rossi. Dy bleau rêstich en skeat de ploech fan René Hake op gelikense hichte.
© www.orange-pictures.nl
Cambuur wie dêrnei ferskate kearen driigjend, al wienen der ek wat spannende mominten foar de goal fan Mous. Sa gie Oratmangoen in kear nei de grûn en hiel Oss frege om in strafskop. Skiedsrjochter Clay Ruperti seach lykwols dat de tackle fan David Sambissa op de bal wie.
Lang liken beide ploegen dêrnei tefreden te wêzen mei in lykspul, mar Rossi besoarge Cambuur yn de slotfaze dochs de oerwinning. Twa minuten foar tiid wurke hy op knappe wize in foarset binnen fan Jordy van Deelen, dy't ek ynfallen wie oan it begjin fan de twadde helte.
Xavier Mous
Hast makke Huseyin Dogan dêrnei noch wer gelyk foar TOP Oss, mar Mbende helle syn ynset fan de line. Direkt dêrnei wie Mous belangryk mei in rêding.
Yn blessueretiid makke Rossi in ein oan alle spanning. Hy skeat de bal yn de koarte hoeke. Dat betsjutte foar him in hattrick en foar Cambuur trije punten.

Twadde

De Ljouwerters steane nei de oerwinning yn Oss dield op it twadde plak.
René Hake
TOP Oss - SC Cambuur: 1-3 (1-0) 12. Bryan Smeets 1-0, 47. Karim Rossi 1-1, 87. Rossi 1-2, 90+2. Rossi 1-3
Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken (46. Van Deelen), Mbende, Schilder, Sambissa; Ciganiks (86. Kallon), Schindler, Schils; Mathieu, Conraad (46. Rossi), Van Kippersluis