Bestjoerder trekker om it libben kaam by Tsjalbert

31 aug 2018 - 21:10

De bestjoerder fan in trekker is freedtejûn om it libben kaam nei in slim iensidich ûngelok op de krusing fan de Aengwirderwei en Albert Mol's Mennige yn Tsjalbert. It giet om in 58-jierrige man út it doarp.

Foto: Srfotografie

Yn de bocht tearde de trekker oer siden. De bestjoerder bedarre ûnder de trekker en ferstoar dêr.

De helptsjinsten binne nei it plak fan it ûngelok gien, om út te sykjen hoe't it ûngelok barre koe. It ûndersyk nei de oarsaak is noch net klear.

Trefwurden: 
deadlik ûngelok Tsjalbert
(advertinsje)