FIDEO: Foarútsjen op it NK fierljeppen yn Burgum

Foarútsjen op it NK fierljeppen yn Burgum
Op de nagelnije skânsen fan Burgum fynt sneon de klimaks fan it fierljepseizoen plak. De aldersterkste ljeppers fan it lân stride dêr om de fiif nasjonale titels op it NK. De Hollanners binne favoryt, mar de Friezen sille de hûd djoer ferkeapje.
Ien fan de Fryske troeven is Thewis Hobma, yn 2013 ek al ris Nederlânsk kampioen. Hy nimt ôfskie fan it topljeppen op it NK.
Harkje nei de bydrage oer it NK fierljeppen, mei in ynterview mei Thewis Hobma