Brânwacht rêdt ko út sleat by Griene Stjer

31 aug 2018 - 19:39

De brânwacht hat in ko út it wetter rêden oan de Alddiel yn it Ljouwerter Griene Stjergebiet.

In 53-jierrige Ljouwerter wie de hûn oan it útlitten by de Griene Stjer, doe't er seach dat in ko yn de sleat fallen wie. It slagge de ko net om dêr sels wer út te kommen, dus belle de man 112.

De brânwacht en de plysje koenen it bist mei in tou út it wetter lûke.

Trefwurden: 
brânwacht wetter ko
(advertinsje)