Fytser slim ferwûne nei ûngelok op It Hearrenfean
Op it fytspaad njonken de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean is in fytser freed slim ferwûne rekke. De fytser wie fallen, mar hoe't dat gebeure koe, is net bekend.
It slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht. Op it stuit wurdt noch ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok. Der binne bern yn de buert, dy't it ûngelok mooglik sjoen ha. De plysje sil se freegje wat nei se witte.