Harns goed twa ton djoerder út mei restauraasje brêgen

31 aug 2018 - 17:52

De restauraasje fan trije monumintale brêgen yn Harns, kostet de gemeente Harns goed 2,2 ton mear as begrutte. De Frjentsjertereinsbrêge, de Easterbrêge en de Singelbrêge binne alletrije restaurearre nei't se yn 2015 troch de gemeente oerdroegen binne oan de Monumentenstichting Harlingen (MSH).

Wethâlder Hein Kuiken fan Harns foar de Singelbrêge - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Wethâlder Hein Kuiken fan Harns

Benammen by de Singelbrêge kamen ferskate saken oan it ljocht dy't net begrutte wiene, sa as de minne fundearring fan de brêgehaden. It ekstra wurk is wol meinaam yn de restauraasje. By de oerdracht oan de stichting MSH hat de gemeente lykwols erkend dat de brêgen yn minne steat wiene. Dêrby is ek fêstlein dat net de MSH, mar de gemeente opdraait foar de ekstra kosten.

Neffens wethâlder Hein Kuiken is dit stikje Harns nei de restauraasjes wer ien fan pronkjes fan de stêd. De mearkosten kinne dutsen wurde út de algemiene middels.

(advertinsje)