Regionale ferskillen yn ytpatroanen: 'Friezen binne swietbekken'

31 aug 2018 - 17:38

Der binne grutte regionale ferskillen yn ytpatroanen. Dat waard al tocht, mar it is no ek wittenskiplik oantoand fia it grutte befolkingsûndersyk Lifelines yn Noard-Nederlân. Advizen oer sûn iten kin no folle direkter jûn wurde, fertelt prof. dr. Gerjan Navis fan de Grinzer universiteit RUG.

Sûkerbôle - Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

Prof. dr. Gerjan Navis fan de Grinzer universiteit RUG

Fjouwer ytpatroanen

Ut it ûndersyk komme fjouwer ytpatroanen nei foaren: it 'swietbek/bôle-patroan', it 'Hollânske hap-patroan', it 'snack-patroan' en it 'bewust sûn iten-patroan'. Friezen blike benammen yn de earste groep te sitten, it swietbek/bôle-patroan.

Rûchwei kin steld wurde dat yn stêden de 'bewust sûne iter' it meast foarkomt en op it plattelân de 'tradisjonele fleis-, griente- en ierappeliter'. Dêr stiet lykwols tsjinoer dat yn stêden ek de kant-en-klearmielen populêr binne, wylst op it plattelân mear alkohol dronken wurdt.

Ytgedrach ferbetterje

Njonken de lytse groep mei bewuste smoothie-drinkers en músly-iters, kinne je dêrom eins net sizze dat it iene patroan sûner is as it oare. Neffens professor Navis is it wichtich om mei dizze kennis kampanjes op te setten, wêryn't minsken yn de regio oansprutsen wurde om it ytgedrach mei lytse stapkes te ferbetterjen.

(advertinsje)