Wadden Center by Ofslútdyk lûkt 100.000ste besiker

31 aug 2018 - 17:00

It Wadden Center op de Ofslútdyk hat freed syn 100.000ste besiker binnenhelle. Gerard Bos en Maureen Banks út Anna Paulowna wiene de lokkigen. Se krigen in bosk blommen en in boek oer yngenieur Cornelis Lely, de betinker fan de Ofslútdyk.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

It wie de ferwachting dat it Wadden Center jierliks tusken de 70.000 en 100.000 minsken lûke soe. Dat is yntusken bysteld nei 150.000 oant 200.00 besikers it jier.

Toeristen kinne yn it besikerssintrum yn tsien talen mear te witten komme oer it Waadgebiet, de fiskmigraasjerivier dy't der komt, oer de Iselmar, de skiednis fan de Ofslútdyk en wat der yn de takomst allegear noch op tou set wurdt yn de omjouwing.

Grutter sukses as ferwachte

"It is in folle grutter sukses as dat wy tocht hienen", sei bedriuwslieder Janneke Laverman tiisdei noch. Neffens har is de ynteraktive wize fan ynformaasje oerbringen ien fan de redenen fan it sukses.

(advertinsje)