Oertocht nei It Amelân wurdt seis minuten koarter

De oertocht tusken It Amelân en Holwert sil fan takom jier ôf seis minuten koarter duorje. Rykswettersteat stekt op it Waad in bocht yn de Vloedgeul troch, wêrtroch't de hjoeddeiske fargeul fan 12 kilometer in stik koarter wurde kin.
De reade line is de foarkarsfariant © waddenzee.nl
De fearboat nei It Amelân ta hat al jierren lêst fan strukturele fertraging, wêrtroch't passazjiers gauris de oansluting op bus en trein misse. Op dit stuit docht de fearboat noch 51 minuten oer de oertocht.
Rykswettersteat en Rederij Wagenborg oer de plannen
De graafwurksumheden sille yn totaal twa moanne duorje en kostje sa'n twa miljoen euro. In alternatyf foarstel foar in noch koartere fargeul mei leafst acht minuten tiidwinst helle it net, omdat ferskate miljeuorganisaasjes dêrtsjin beswier oantekenen. By dat alternatyf soenen te folle sânbanken fernield wurde.
Ek tsjin it trochstekken fan de Vloedgeul kin noch beswier makke wurde.