Fernijde seedyk op It Amelân klear foar de kommende fyftich jier

Fernijde seedyk op It Amelân klear foar de kommende fyftich jier
It wie oant no ta it grutste dykprojekt ea foar Wetterskip Fryslân en it hat jierren duorre, mar no is it klear: it opheegjen fan de Waadseedyk op It Amelân. Der binne miljoenen yn ynvestearre en dêrtroch kin de dyk de kommende 50 jier it eilân wer beskermje tsjin de see.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei projektlieder Jan Hateboer fan Wetterskip Fryslân
It meitsjen fan de plannen foar de opknapbeurt hat sa'n 10 jier duorre, it opknappen sels hast in jier. It hiele projekt hat 77 miljoen euro koste. Foar dat jild is der in hiel soad stiennen, klaai en sân oanbracht. "Er is voor 800.000 ton aan materiaal naar het eiland gebracht", fertelt projektlieder Jan Hateboer. "De dijk is versterkt door er een hele laag overheen aan te brengen." Gemiddeld is de dyk 35 sintimeter heger wurden.
Het was de wens van het eiland om de groene dijk die er was, terug te krijgen.
Projektlieder Jan Hateboer fan Wetterskip Fryslân

Griene dyk

De wurksumheden wiene nedich, om't de dyk net sterk genôch mear wie en op guon plakken te leech. Der is lykwols neat fan de opknapbeurt te sjen. "Het was de wens van het eiland om de groene dijk die er was, terug te krijgen", seit Hateboer. "Als je nu naar de dijk kijkt en je weet niet wat er is gebeurd, lijkt het net alsof er niets is gebeurd. Maar dat is natuurlijk niet waar."

Nije projekten

Sneontejûn wurdt op It Amelân offisjeel fierd dat de fernijïng fan de dyk klear is. Wetterskip Fryslân hat lykwols ek al wer twa nije opknapprojekten yn de planning foar de kommende jierren, dy't noch grutter wurde: de Lauwersmardyk en it 50 kilometer lange trajekt Koehoal-Lauwersmar. De kosten foar it lêste projekt wurde rûsd op 300 miljoen euro, mar it is noch lang gjin tiid om dy opknapbeurt te fieren. Hateboer: "Het duurt zeker nog tien jaar voordat we daar aan toe zijn."