Negatyf swimadvys De Swanneblom yn Slappeterp

31 aug 2018 - 15:46

De provinsje hat in negatyf swimadvys ynsteld foar in swimlokaasje yn Slappeterp. It giet om De Swanneblom oan de Kleasterdyk. Der sitte te folle skealike baktearjes yn it wetter, dêr'tst siik fan wurde kinst. Der steane buorden by it wetter om minsken te warskôgjen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der jildt op it heden foar fjouwer plakken in negatyf swimadvys. Njonken De Swanneblom binne dat de Aldegeaster Brekken, De Driesprong by De Langelille en it wetter by Surf- en zwemcentrum Balk. Foar acht oare lokaasjes jildt in warskôging, dat betsjut dat der wat mear risiko as oars is datst siik wurdst ast yn dat wetter swimst.

Wolst witte wêr'tst wol en net fertroud swimme kinst, dat kinst dat sjen op de webside www.zwemwater.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)