Brânwacht foarkomt dat stiennen út Aldehou nei ûnderen falle

Mei in heechwurker hat de brânwacht yn Ljouwert in oantal lossittende stiennen út de Aldehou helle. De stiennen drigen nei ûnderen te fallen. In ynspekteur hie sjoen dat se los sieten. De gemeente skeakele de brânwacht yn om te foarkommen dat se nei ûnderen falle soenen.
De stiennen út de Aldehou © Nick den Boer
It gie om stiennen dy't losrekke wienen. De gemeente ûndersiket hoe't dat koe. Saakkundigen moatte bepale oft it nedich is de hiele toer te skôgjen.
© Nynke Beetstra
De Aldehou yn Ljouwert is ien fan de grutste symboalen fan de stêd Ljouwert en stiet benammen bekend fanwege de skeefheid. De goed 39 meter hege toer stiet 1,99 meter út it lead. De trappen yn de toer telle yn totaal 183 treden.
Yn 1529 waard begûn mei de bou fan de Aldehou. It wie de bedoeling dat njonken de toer in nije tsjerke komme soe as ferfanger fan de âlde Sint Vitustsjerke, mar dêr is it nea fan kaam. By it bouwen fan de Aldehou gie de toer al skeef stean. Der waard besocht om op it skeve ûnderste stik fierder leadrjocht te metseljen, mar dat smiet net it winsklike resultaat op.
De toer hie 120 meter heech wurde moatten, mar dy hichte is nea behelle. Yn 1533 waard al opholden mei de bou en dat is nea wer oppakt. Dochs is de toer útgroeid ta stêdssymboal: "A'k de Oldehove niet siën ken, dan foël ik my onwennich."
Boarne: https://www.oldehove.eu/de-oldehove-het-kort