Dochs gjin elektryske auto's tastien yn drokke Doarpsstrjitte op Flylân

31 aug 2018 - 14:28

Elektryske auto's meie op drokke tiden dochs net de Doarpsstrjitte op Flylân ynride. De gemeente Flylân lûkt fuortendaliks de plannen yn foar in proef mei it ferromjen fan dy ynrydtiden. Ut de gemeenteried wei kaam der in soad krityk op de plannen.

Foto: ANP

De gemeente hat yn de drokke Doarpsstrjitte bloktiden ynsteld om tsjin te gean dat parkearre auto's it paad tichtsette en om ûngelokken mei fytsers en fuotgongers foar te kommen. Binnen dy tiden meie allinich auto's mei in ûntheffing yn de Doarpsstrjitte komme. Dat is fan moarns healwei sânen oant healwei tsienen, middeis fan tolve oere oant healwei twaen en jûns fan healwei seizen oant healwei achten.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hie elektryske auto's ek tastimming jaan wollen, om binnen dy tiden de strjitte yn te riden. Op dy wize soe it elektrysk riden stimulearre wurde kinne. Mar dat gie in mearderheid fan de gemeenteried in stap te fier.

(advertinsje)
(advertinsje)