SC Hearrenfean nimt bûtenspiler Van Bergen oer fan Vitesse

Op de lêste dei fan de transfermerk hat SC Hearrenfean in nije spiler oan de seleksje tafoege. De Fryske earedifyzjonist nimt Mitchell van Bergen oer fan Vitesse. De 19-jierrige bûtenspiler hat yn it Abe Lenstra Stadion in kontrakt foar fjouwer jier tekene.
Mitchell van Bergen oer syn oerstap
Van Bergen makke al op 16-jierrige leeftiid syn debut foar Vitesse. Op 18 desimber 2015 kaam de fleugeloanfaller by de Arnhemmers binnen de linen yn de thúswedstriid tsjin FC Twente (5-1). Yn totaal kaam Van Bergen ta 32 earedifyzje-optredens. Skoare die er noch net op it heechste poadium.

Oanwinst nûmer seis

Van Bergen is nei Sam Lammers, Filip Bednarek, Sherel Floranus, Rodney Kongolo en Ben Rienstra dizze simmer de sechsde oanwinst by Hearrenfean.
Technysk direkteur Gerry Hamstra sei ferline wike dat der binnen de seleksje fan Hearrenfean allinnich feroaringen plakfine soene, wannear't der spilers fuortgean.
Gerry Hamstra oer it oanlûken fan Mitchell van Bergen