Ferskate stapynsidinten yn fierder 'âlderwetsk gesellige nacht'

31 aug 2018 - 09:59

De plysje yn Ljouwert hie it yn de nacht fan tongersdei op freed drok mei it stapperspublyk. Sa rekke in 19-jierrige Ljouwerter ferwûne by in fjochtpartij op it Herenwaltje. Der waard yn earste ynstânsje in fertochte oanholden, mar fanwege tsjinstridige ferklearringen waard dy letter wer frijlitten.

Plysje - Foto: ANP

In 42-jierrige man krige letter yn de nacht in proses-ferbaal omdat dizze yn de Alde Doelesteech mei in mes oan it swaaien wie. De fjochterij wie op befeiligingskamera's te sjen, mar de belutsenen woene gjin oanjefte dwaan.

In 22-jierrige frou út Harns moast nei it sikehûs, omdat se safolle drank op hie en dêrtroch net goed waard. By in strjitrôf yn de Peperstrjitte waard de beurs fan in 18-jierrige ynwenner fan Ter Apel stellen. De beurs waard letter wol werom fûn.

Gesellichheid

De plysje hat it op Twitter ta beslút oer in fierder 'âlderwetsk gesellige studintenacht' en sei eltsenien tank foar de gesellichheid.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)