Kollum: "Grutte idioat"

31 aug 2018 - 08:03

"Doe't wy mei de boat ûnderweis wiene omdat de IFKS begûn, seach ik op in moarn in opslûpen ielslinerspyk en dy swom parmantich yn it wetter om. Doe't syn mem der oankaam mei in fiskje, gong er der gau hinne en it fiskje wie samar op. Efkes letter kaam se wer mei in fiskje mar doe't er dat opfretten hie, krige se him by it nekfel en drukte se him ûnder wetter, wylst se behoarlik foetere.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It ielslinerke kaam wer boppe en de mem gong fuort. Ik ha har net wer sjoen mar ik fûn it sa fermaaklik! De jonge ielsliner hat in moai skoft op himsels ompoetst, wylst er foar ús boat dobbere. 'Dit wie it lêste fiskje dat ik hjoed foar dy fongen ha! Tenei moatst earder fan dyn nêst komme en foar dyn eigen iten soargje!' Ik miende dat ik sokssawat hearde, doe't se him ûnder wetter drukte, mar it iennige dat it ielslinerke wichtich fûn, wie dat syn fearren wer goed teplak kamen. Hiel werkenber.

De sneontejûns seach ik wer in bysûnder tafriel op it wetter. Maarten wie ûnderweis nei Starum. En wylst ik mei trije freondinnen op in brechje stie, swom er ûnder ús troch. Doe't ik him swimmen seach yn it tsjustere wetter, krige ik in soad bewûndering foar him mar tagelyk ek begrutsjen.

Dat grutte liif glide net sa parmantich troch it wetter as it ielslinerke en de lange earms liken wjukken fan in stikkene mûne mei te min wyn. Koest doe al sjen dat er it swier hie en dat begrutte my ta de teannen út. 'Wat in idioat!' tocht ik ynearsten doe't ik hearde dat er de Alvestêdetocht swimme woe. Fierder hie ik my der net sa bot mei dwaande holden mar omdat ik dochs yn Starum wie, woe ik him al efkes sjen.

Wat hat dy man in yndruk op my makke want doe't er dêr troch it wetter wrotte, besefte ik my krekt hoe'n grutte prestaasje er levere. Ik ha klapt, joele en in ein mei him mei draafd oant er wer yn it tsjuster ferdwûn. Pikefel, entûsjasme en sa oandwaanlik! En ik bin net de iennige dy't der sa oer tinkt want de stipe dy't er yn ús provinsje hân hat wie hertferwaarmjend.

Ik bin sa'n djip-Fries dy't altyd efkes op gong komme moat. Dus wannear't ik dan op telefyzje sjoch dat immen de Alvestêdetocht swimme wol foar in goed doel, bin ik net drekst oerémis. Der binne wol mear fan dy swetsers. Earst sjen, dan leauwe. No, ik ha it sjoen mar koe it hast net leauwe. Dat it net slagge is, makket him allinnich mar moediger en minskliker.

Wy hawwe mei de bemanning yn de folchboat sjoen hoe't er huldige waard en hoefolle jild er by elkoar swommen hat. Hjir en dêr rûgelen in pear triennen oer de wangen. Ik koe it ek net drûch hâlde en fûn dat syn famkes moaie jurkjes oan hiene. Maarten van der Weijden is in held, in reus en ek al in hillige neamd. It is allegear wier, mar ik wol dêr graach noch in titel oan tafoegje, nammentlik: in grutte idioat.

As in Fries immen in idioat fynt, dan is dat ornaris net sa posityf. 'Grutte idioat' wurdt hjir wol mei in soad wurdearring sein. 'Dat is wol sa'n grutte idioat!' Mei oare wurden: unyk en hiel bysûnder. Mar as ik de mem fan dizze pyk west wie dan hie ik him by Starum al by it nekfel krigen en him op 'e kant slingere. Fiskje deryn, dûse en op bêd!"

(advertinsje)