Stânbyld alvestêdeswimmer Van der Weijden yn Burdaard komt der
Tritich dagen hiene se derfoar útlutsen, de inisjatyfnimmers fan it stânbyld foar Maarten van der Weijden yn Burdaard. Nei trije dagen is de aksje lykwols al slagge. De Ferwerter keunstner Hans Jouta sil it byld fergees meitsje en in lokaal bedriuw hoecht neat foar it pleatsen derfan. It byld sil der noch dit jier komme.
De crowdfundingsaksje om 50.000 euro foar it byld byinoar te krijen, is net mear nedich. Dy aksje is dan ek stopset.
Symboalysk plak
It keunstwurk sil ûntwurpen wurde yn nau oerlis tusken Jouta, Van der Weijden en de inisjatyfnimmers. "Het zal de strijd van Maarten tijdens zijn zwemtocht én de strijd tegen kanker verbeelden", skriuwe dy inisjatyfnimmers yn harren parseberjocht.
Burdaard wol stânbyld alvestêdeswimmer Van der Weijden
It byld kriget in symboalysk plak yn de haven fan Burdaard, omdat Van der Weijden dêr it wetter ferlitten hat. "Daar is zijn tocht gestopt, maar de strijd tegen kanker stopt niet."
Alvestêdetocht
Van der Weijden begûn op sneon 18 augustus mei it swimmen fan de Alvestêdetocht. Nei goed twa dagen moast er yn Burdaard opjaan fanwege problemen mei syn sûnens. Yntusken hat er mei syn aksje sa'n 4,5 miljoen euro ophelle foar de striid tsjin kanker.