Film en natuer as yngrediïnten by iepenloftfestival yn Heech

Mei syn allen ûnferjitlike films ûnder de stjerrehimel sjen. Dat kin dit wykein yn Heech. Op de wettersportcamping fynt fan freedtejûn oant en mei snein de alderearste edysje fan Nachtkijkers plak, in iepenloftfestival dêr't film en natuer elkoar fine.
Nachtkijkers © Gerco van Beek
Sa'n hûndert minsken hawwe harren al opjûn foar it wykein. De organisaasje is yn hannen fan Dorrit Jorritsma en Anne van der Klift. "Bij muziekfestivals is het heel normaal om een weekend te kamperen", zeggen ze, "maar filmfestivals vinden vaak in een meer officiële setting plaats. Terwijl samen film kijken en kamperen beide verbroederen."
Op twa plakken op de camping wurde films fertoand fan it momint ôf dat de sinne ûndergiet. "Maar overdag is er ook genoeg te beleven en te relaxen. Dat is toch ook wel een beetje het doel van het festival."

Films

By Nachtkijkers wurde films draaid mei tema's as 'De Millennial' en 'Stêd vs. Natuer'. Under oare Independent Boy (Kars, 2017), Out of Nature (Giæver & Vold, 2014) en Hunt for the Wilderpeople (Waititi, 2016) sille te sjen wêze.