Campings yn Fryslân ferwolkomje mear gasten as ferline jier

Der binne dit jier folle mear gasten op de campings yn Fryslân as ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan it CBS oer it earste healjier fan 2018. Yn totaal kamen der 110.000 minsken nei Fryslân ta, in groei fan 17 prosint.
Op de camping © ANP
Yn de ôfrûne jierren naam it tal kampearders just ôf. De resultaten fan de waarme simmermoannen binne yn dizze sifers noch net meinommen. It tal bûtenlânske gasten groeide it meast, benammen út Dútslân en België. Fryslân leit ek boppe it lanlik gemiddelde fan 7,5 persint.