Waaderfgoed lûkt te min toeristen, Fryslân moat mear dwaan

Waaderfgoed lûkt te min toeristen
Fryslân kin mear dwaan om toeristen nei it Wrâlderfgoed-Waadgebiet te krijen. Dat seit rekreaasjeûndernimmer Jelle Bos fan Lauwerseach. De marketing is te fragmintarysk mei de klam op bygelyks Ljouwert, Dokkum of de Fryske marren. De provinsje moat mear as ien gehiel oanpriizge wurde. "Pak het op als heel Friesland", seit Bos.
Belgyske toeristen by Swarte Haan. © Remco de Vries
Benammen de prachtige kust fan Noardeast-Fryslân hat dêrfan te lijen, fynt Bos. Hy fernimt net dat er troch de Wrâlderfgoedstatus mear besikers komme op syn camping, yn syn rûnfeartskippen of hoareka. Grinslân pakt it yn syn eagen folle better oan. Al hawwe sy it dêr wol makliker, omdat it dêr mear de stêd en de 'ommelanden' is, wylst it ferskaat yn Fryslân wat grutter is.
It Waad by Peazens. © Remco de Vries
Bos lit it der net by sitte. Hy hellet de Amerikanen, Sinezen en Japanners no sels nei Lauwerseach. Hy hat dêrfoar in oerienkomst sletten mei in reisburo yn Amsterdam dat toeristen deitochten mei de bus oanbiedt nei Skiermûntseach. Neffens him sil itselde ek yn Harns barre. As lêste tip jout er mei dat Fryslân him wol wat minder sjauvinistysk opstelle mei, want dêr sitte toeristen net op te wachtsjen.
Rekreaasjeûndernimmer Jelle Bos