Fertochte fan oerfal supermerk Harns oanhâlden
De plysje hat ien oanhâlden nei de oerfal op in supermerk yn Harns. De fertochte waard deselde jûn noch oanhâlden yn Penjum.
De oerfal op de Poiesz oan de Johan van Oldenbarneveltstrjitte wie tongersdeitemiddei. De plysje die nei dêrnei fuortendaliks in oprop op Boargernet mei de fraach om út te sjen nei de dieder. De fertochte waard dyselde jûn oanhâlden yn Penjum. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de saak.