Persoan komt klem te sitten by ûngelok mei heftruck
By it bedriuw Zebra Technologies op It Hearrenfean hat tongersdeitejûn in bedriuwsûngelok plakfûn. By it wurk mei in heftruck kaam in persoan klem te sitten.
Wat der krekt foarfallen is, is noch net bekend. In ambulânse wie gau te plak en ek de trauma-helikopter waard oproppen.