Gjin legionella yn dûsen yn MCL

30 aug 2018 - 20:13

Yn sikehûs MCL is gjin legionellabaktearje fûn yn it waarme wetter dêr't ûndersyk nei dien is. Dat docht bliken út de útkomsten fan in ekstern laboratoarium dat tiisdei dien is. Oanlieding wie in reguliere kontrôle om te sjen oft de baktearje mooglik oanwêzich wie yn de waarmwetterlieding nei wurksumheden.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It MCL hat dêrop alle mooglike maatregels troffen, lykas it pleatsen fan filters en dûskoppen. Op it plak dêr't it wurk wie, binne ek gjin punten oantroffen dy't soargje foar risiko's fan legionellabesmetting fan meiwurkers en pasjinten.

Op ien plak is yn in waarmtetaappunt wol legionella oantroffen. Dat taappunt stiet los fan de punten dêr't earder ûndersyk dien is. Dêr is gjin risiko foar pasjinten en meiwurkers, sa is de ferwachting, omdat it dêr net om in dûs giet. It MCL nimt op dit taappunt maatregelen om de besmetting tsjin te gean. Om hielendal wis te wêzen wurdt de wetterliedingen yn dit part fan it gebou skjinmakke.

Frits Mostert fan it MCL

Trefwurden: 
MCL legionella
(advertinsje)