Ungelok mei meardere auto's yn Drachten

30 aug 2018 - 18:49

Yn Drachten hat tongersdei oan de ein fan de middei in ûngelok plakfûn wêrby't fjouwer auto's belutsen wiene. Dat wie op de dyk de Fûgelsang.

Foto: SR Fotografie

Ien fan de auto's kaam op de ferkearde kant fan de dyk telâne en botste op in tsjinlizzer. Ferfolgens rûnen noch twa oare auto's skea op.

De brânwacht waard ek noch oproppen omdat ien persoan klem siet yn de auto. Mar dy help wie net nedich. De plysje siket út hoe it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok Vogelzang
(advertinsje)
(advertinsje)