Marrit Leenstra: "Ik sjoch hiel bot út nei myn nije karriêre"

30 aug 2018 - 17:58

"It wie seker dreech, ik ha der de hiele simmer mei dwaande west", seit Marrit Leenstra oer har beslút om op te hâlden mei it reedriden. De 29-jierrige reedrydster út Wikel makke tongersdeitemoarn bekend dat se de reedrydbaan ferruilet foar de kolleezjebanken

Foto: ANP

It ôfrûne jier hie se al minder tiid foar it sporten en troch har ferfolchstúdzje Geo-Information yn Wageningen is der no gjin romte mear foar it reedriden. "Ofrûne moandei bin ik offisjeel ôfstudearre yn Amsterdam en ik tocht, wat moat ik no fierder? Gean ik fierder mei it riden of mei de stúdzje? It waard it lêste."

Nije karriêre

Leenstra sil nije wike moandei oan de slach yn Wageningen. Se sil it reedriden misse, mar hat ek nocht oan de nije útdaging. "Ja, it is jammer. Mar ik sjoch hiel bot út nei myn nije karriêre."

Hichtepunt

De reedrydster hâldt op op har hichtepunt, fynt se sels. "It foarige seizoen wie myn bêste seizoen oait." Leenstra helle in Nederlânsk rekôr op de 1500 meter yn Calgary (1.52,06). As oare hichtepunten neamt se it brûns op de 1500 yn Pyeongchang yn 2018 en de gouden medalje by de ploege-efterfolging yn Sotsji yn 2014.

Oare dreamen

Foar Leenstra is it no klear. "Ik haw no in hiel soad sin om fierder te gean mei wat oars, om earne oars goed yn te wurden en oare dreamen nei te jeien. Mar je witte fansels noait hoe't it rint."

Trefwurden: 
reedriden Marrit Leenstra
(advertinsje)