Oerfal op supermerk yn Harns

30 aug 2018 - 17:12

Yn Harns hat tongersdeitemiddei in oerfal west op de Poieszsupermerk oan de Johan van Oldenbarneveltstrjitte. De plysje docht der op dit stuit ûndersyk nei.

De plysje freget minsken op om út te sjen nei in âldere man fan tusken de 50 en de 60 jier. Hy hat in donkerblau fest oan en in wite plestik tas by him. It is noch net dúdlik oft der ek wat bútmakke is.

Foto: Janette van der Ploeg
Trefwurden: 
Harns Poiesz oerfal
(advertinsje)