Deadlike botsing by Frjentsjer tusken brommer en auto

30 aug 2018 - 16:57

Op de Ljouwerterwei krekt bûten Frjentsjer hat tongersdei oan de ein fan de middei in ûngelok west tusken in bromfytser en in auto. Dêrby is de bromfytser op it plak sels oan syn ferwûnings ferstoarn.

Oer de tadracht fan it ûngelok kin de plysje noch neat sizze. Dêr wurdt ûndersyk nei dien. De dyk tusken Frentsjer en Dronryp hat ticht west foar it ferkear.

Foto: Srfotografie
(advertinsje)
(advertinsje)