Doke Schmidt fraachteken yn útwedstriid tsjin VVV Venlo

30 aug 2018 - 15:33

It is noch net wis oft Doke Schmidt sneon meidwaan kin yn de útwedstriid tsjin VVV Venlo. De ferdigener fan Sportklup Hearrenfean wie twa wiken lyn blessearre, mar die ferline wike tsjin Feyenoord wol wer mei. Dêr stiet wol foaroer dat Sherel Floranus wer meitraint. De rjochtsback soe de logyske ferfanger wêze fan Schmidt. Floranus waard yn de simmer helle as ferfanger fan Denzel Dumfries dy't nei PSV gong. Floranus begûn lykwols net yn de basis en rekke dêrnei blessearre.

Doke Schmidt besiket de bal te blokkearjen - Foto: www.orange-pictures.nl

Marco Rojas traint ek wer mei, al is it noch net wis oft de oanfaller mei giet nei Venlo. Tredde keeper Jan Bekkema is wol wer fit en hy sil plaknimme op de bank. De Deen Emil Frederiksen traint ek wer mei, mar liket noch net fit genôch om wer oan te sluten by de wedstriidseleksje.

Thorby bliuwt by Hearrenfean

Morten Thorsby bliuwt nei alle gedachten by Hearrenfean. De 22-jierrige middenfjilder hie oanjûn wol útsjen te wollen nei in oare klup, mar oant no ta hat gjin klup him foar him melden. "Ik heb de hele tijd gezegd: ik wil graag blijven, ben heel blij hier en hoef niet weg. De transferperiode is bijna dicht en voor zover ik weet, speelt er nu niks." Thorsby begjint alwer oan syn fiifde seizoen by Hearrenfean en syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf.

Technysk manager Gerry Hamstra wol fierder neat kwyt oer de transferdeadline dy't 31 augustus om 23.59 oere is. "We zijn bezig met van alles en niks. Verder kan ik er niks over zeggen."

Nei alle gedachten wurdt de opstelling: Hahn, Schmidt (Floranus), Høegh, Bulthuis, Pierie, Kobayashi, Thorsby, Vlap, Mihajlovic, Lammers en Zeneli.

De wedstriid VVV Venlo-Hearrenfean wurdt sneontejûn live útstjoerd op de radio. Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht sneontejûn fan 18.30 oere ôf live ferslach.

(advertinsje)