Soepeler regels foar boeren fanwege drûchte

Brussel hat yn ferbân mei de drûchte in tal regels foar boeren ferromme. Dat moat derfoar soargje dat boerebedriuwen genôch fretten hawwe foar it fee. Dêr is op it heden in tekoart oan troch de hite en drûge simmer.
Drûchte op It Amelân © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Boeren meie gewaaksen foar feefoar dy't se oars altyd yn de hjerst ynsiedzje, no al siedzje en fan it lân helje. Lidsteaten fan de Europeeske Uny krije ek tastimming om soepeler mei in tal oare regels om te gean.
Begjin dizze moanne stie Brussel al ta om gewaaksen foar feefoer te ferbouwen op lân dat einst braak lizze moatte soe. Alle maatregels jilde mei weromwurkjende krêft, neidat lidsteaten grien ljocht jûn hawwe.
Minister Schouten fan Lânbou besleat ferline wike dat boeren langer dong útride meie op gerslân. En se kaam ek mei mooglikheden foar oerbrêgingskrediten.