Unike keizersneed te sjen op Omrop Fryslân TV

30 aug 2018 - 14:51

Yn it programma Fryslân Hjoed by Omrop Fryslân TV binne kommende tiisdei unike bylden te sjen fan in bysûndere keizersneed. By dy befalling yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean tilde de mem sels har poppe út de búk. It wie foar it earst yn Fryslân dat dat barde.

Foto: Nicolien Sijtsema

Mem Eva Aarts fertelt der tiisdei oer op tv en ek de gynekolooch fan tsjinst, Clasien van der Houwen, komt oan it wurd. Se fertelle hoe't se weromsjogge op harren ûnderfining. Ek fertelt Van der Houwen oft dit kin by elke keizersneed. Mei it lytse famke, dat op freed 13 july op dizze wize berne is, giet alles goed.

(advertinsje)