SC Cambuur moat nei koprinner TOP Oss: "Lastige ploeg"

30 aug 2018 - 14:03

SC Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin TOP Oss. De ploech fan trainer Klaas Wels is ien fan de fjouwer koprinners yn de earste difyzje en dus liket it in lestige wedstriid te wurden foar de Ljouwerters.

Trainer René Hake fynt dat ek. "TOP Oss is een lastig te bespelen ploeg. Ze verdedigen compact en stug. Daar is moeilijk door heen te komen. Voor ons een uitdaging dat goed te bespelen."

By Cambuur kin Robin Maulun net spylje. Hy hat in ankelblessuere. Syn plak op it middenfjild wurdt ynnaam troch Andrejs Ciganiks.

Spitsposysje

Wa't der yn de spits stiet, woe trainer René Hake net sizze. Karim Rossi skoarde ferline wike by syn ynfalbeurt al nei tsien sekonden en kloppet mei klam op de doar. "Ik ga niet vertellen wie er in de spits begint", seit Hake. "Dat wil ik eerst met mijn spelers bespreken." De kâns liket lykwols grut dat Rossi opnij op de bank begjint.

Fan de blessearre spilers komt in tal der wer oan. Issa Kallon is fit en kin spylje. Omar el Baad, Nigel Robertha, Daan Boerlage en Rutger Etten wurde ek hieltyd fitter. Matthew Steenvoorden is fan 'e wike op de training blessearre rekke. Hy hat in kniesde foet.

Transferwindow

Jordy van Deelen begjint freed wer op de bank. De ferdigener ferlinge syn kontrakt dizze simmer oant july 2020, mar hat oant no ta gjin basisplak. Dat fynt er ferfelend en dat hie er ek net ferwachte. Neffens Van Deelen hawwe der klups nei him ynformearre by syn saakwaarnimmer.

Oant 1 septimber is de transferwindow noch iepen. Van Deelen giet der lykwols foarearst noch fan út dat er by Cambuur bliuwt, mar sis noait noait yn it fuotbal. It sjocht der nei út dat Cambuur gjin nije spilers mear oanlûke sil. Der ha ferskate petearen west, mar oant no ta sûnder konkreet resultaat.

Wierskynlike opstelling: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Mathieu, Schindler, Schils, Ciganiks; Conraad, Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal TOP Oss
(advertinsje)