Ynbrekker yn Drachten pakt nei klopjacht fan oardel oere

30 aug 2018 - 12:10

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei hast oardel oere achter in ynbrekker oan sitten. Uteinlik slagge it om de 21-jierrige man út Ter Apel oan te hâlden.

Foarbyldfoto fan in auto-ynbraak - Foto: Shutterstock.com

Auto iepenbrutsen

De earste melding kaam fan in meiwurkster fan fersoargingshûs Bertilla oan de Boargemaster Wuitewei. Har auto wie iepenbrutsen en de dieder wie útnaaid. De plysjes ha om de man socht, mar koene him net fine.

Wenningynbraak

Efkes letter kaam in melding dat deselde man ynbrutsen hie yn in wenning oan de Suderdwersfeart. De plysje wie binnen tweintich sekonden nei de melding by it hûs, mar de ynbrekker wie yn panyk al útnaaid. Koart dêrnei seagen meiwurkers fan Bertilla de fertochte rinnen en warskôgen se de plysje op 'e nij.

Stellen guod

De man naaide wer út, mar diskear koene de plysjes him nei in koarte syktocht op de Oppers oanhâlde. Hy hie stellen guod by him, ûnder oare navigaasje-apparatuer út de iepenbrutsen auto. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)