Friezen oer it algemien goedkeap út mei stoarten fan ôffal

30 aug 2018 - 11:43

Friezen binne lanlik sjoen goedkeap út mei it stoarten fan ôffal by gemeentlike miljeustrjitten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Regiocontainer. De tariven rinne útinoar fan goed 6 oant 18 euro, tsjinoer lanlike gemiddelden fan 12 oant goed 35 euro.

Offal - Foto: ANP

Boppedat binne der in soad Fryske gemeenten dêr't pún, hout en bou-ôffal fergees brocht wurde kin, bygelyks yn Smellingerlân, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en Ljouwert.

Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat bewenners fan It Amelân it djoerst út binne, mei in gemiddeld taryf fan goed 76 euro. Tytsjerksteradiel is mei gemiddeld 50 euro ek djoer. Skylge is tredde mei goed 49 euro.

(advertinsje)