Lege molkpriis drukt resultaten suvelbedriuw FrieslandCampina

30 aug 2018 - 10:50

De finansjele resultaten fan suvelbedriuw FrieslandCampina wurde drukt troch de lege molkpriis. It konsern jout in garandearre minimumpriis oan de oansletten boeren, en seach de omset it ôfrûne healjier mei 5,8 prosint omleech gean nei 5,7 miljard euro. De winst gie mei in tredde omleech en kaam út op 109 miljoen euro.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

FrieslandCampina seach de lege prizen foar molkpoeier, tsiis en bûter de lêste tiid wol wer stadichoan omheech gean. Ferwachte wurdt dat de lang oanhâldende drûchte fan in pear wiken lyn in negative ynfloed hawwe sil op it bedriuwsresultaat yn it fjirde fearnsjier fan 2018. Troch dy drûchte is der yn de winter minder fretten foar de bisten beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)