Skea troch hjitteweach liket mei te fallen yn Ljouwert

30 aug 2018 - 10:08

De gemeente Ljouwert hat mei de hjitteweach fan de ôfrûne wiken bot ynset op it behâld fan iepenbier grien en it foarkommen fan skea oan brêgen en diken. Hoewol't in folslein byld noch ûntbrekt, binne de earste lûden dat de skea tafalt.

It kuoljen fan brêgen - Foto: Anton Kappers

Beammen en oar iepenbier grien hawwe ekstra wetter krigen. Brêgen binne kuolle mei wetter en it asfalt troch it struien fan sâlt. Neffens de gemeente hat dat yn de measte gefallen skea foarkaam. Der kamen wol in soad meldingen binnen fan strjittegels dy't los leine. Meiwurkers fan de bûtentsjinst ha drok west om alles te reparearjen.

Troch ekstra kontrôles fan de wetterkwaliteit en it oanfoljen fan wetterpartijen, koe de gemeente de stjerte ûnder fûgels en fisken ûnder kontrôle hâlde en binne der gjin minsken siik wurden fan fersmoarge wetter.

Trefwurden: 
Ljouwert skea hjitteweach
(advertinsje)