Marrit Leenstra ferruilet reedrydbaan foar kolleezjebanken

Marrit Leenstra verruilt schaatsbaan voor collegebanken_ROUND-UP
Marrit Leenstra út Wikel hâldt op mei reedriden. Dat makke de 29-jierrige (âld-)reedrydster tongersdeitemoarn bekend. Se wol har talizze op har stúdzje Geo-Information yn Wageningen.
Marrit Leenstra © ANP
Marrit Leenstra
Foar dy stúdzje moat se it earste jier folslein nei skoalle en is der gjin romte foar it reedriden. Omdat se 'gjin dingen heal dwaan wol', kiest se derfoar op te hâlden mei reedriden, ek mei it each op har takomst.
De beslissing spûke al langer troch har holle, ek omdat se dit jier al folle minder reedriden hat. Se moast har bachelor Future Planet Studies oan de Universiteit fan Amsterdam ôfrûne skoaljier ek helje, wêrtroch't it riden al op in leger pitsje stie.
Neidat it nijs nei bûten kaam, krige Leenstra in soad berjochten en telefoantsjes. "Ik wie al in tiid dwaande mei dizze beslissing, mar no komt it dochs wol even binnen."
© Instagram, @marritleenstra

Olympysk brûns

Leenstra helle begjin dit jier by de Olympyske Spelen yn Pyeongchang brûns op de 1500 meter en sulver op de ploege-efterfolging. Dêrmei kompletearre se har olympyske medaljekolleksje. Dêrneist hat se it Nederlâns rekôr op de 1500 meter yn hannen (1.52,06).